Tonger
Ik stean foar it terskhúsfinster,
In loft griisswart slacht tonger op it fjild.
Oan ’t wjudzen wienen wy, no skûljend foar de rein.
De oaren binn’ foar, ik achter;
Boppe it bitefjild in waarljochtflits
Dêr’t niis noch wjudden wy.
Heit sei: ‘Die boi waait soa over,
Dan soeke wy de houwers weer op.’
Ik stean foar it terskhúsfinster,
In loft griisswart slacht tonger op it fjild.
Oan ’t wjudzjen wienen wy, no skûljend foar de rein.
Tonger
Gepubliceerd in Dream yn blauwe reinjas en Het goud op de weg