Nocht oan wurk

As it wurk op it lân dien wie rûnen Kristl en ik in rûntsje op ’e hannen troch de tún fan Haus Arbeitswut. Wêrom wit ik net. It docht der net ta, we dienen it gewoan.

 

1

 

Dy simmer arbeide ik op in grut boubedriuw yn it Swarte Wâld, tusken de Rijn en de oarsprong fan ’e Donau, sa ’n tritich kilometer boppe Freiburg. De boer, Herr Zwiesler, hie ferskate hege bestjoerlike funksjes yn ’e lânbousektor en de pleats waard rund troch in bedriuwslieder. As it drok wie hie Herr Zwiesler, neist de fêste arbeiders, losse minsken en fekânsjewurkers yn it wurk. Sy waarden ûnderbrocht yn Haus Arbeitswut, in âld arbeidershûs dat neist de pleats stûn.

  In skoft wenne ik dêr mei Jürgen, dy’t út Dútslân kaam, de Frânsen Hector en Claudine, en de Switserse Loretta. De earste wiken moast ik bitewjudzje mei Jürgen, Claudine en Loretta. Al gau die bliken dat Jürgen en Claudine wat yn elkoar seagen. ‘Noch in pear dagen,’ sei er op in jûn, ‘dan is ‘t foar elkoar.’ Mei Loretta soe ’t wiken duorje, tocht ik, at it al wat wurde soe. It rûn oars.

Nocht oan wurk

Fragmint út de ferhalebondel 

De skeakeling

ontwerp: ehgz.nl & realisatie: webstove